FNP yn aksje foar Kataloanië

FNP © Omrop Fryslân
FNP steatelid Sybren Posthumus docht begjin septimber mei oan in aksje foar in ûnôfhinklik Kataloanië. By de kustline fan de Middellânske See sil in minsklike keatling foarme wurde. Der wurde in pear hûnderttûzen minsken ferwachte.
Oant no ta binne op hast alle kontininten demonstraasje pland, útsein yn Afrika. Posthumus sil tichtby Barselona meidwaan oan it keatling. Hy is útnoege troch de ERC, dat is in susterpartij fan de FNP. Posthumus wol troch mei te dwaan syn solidariteit mei de Katalanen yn Spanje sjen litte.