Oanfal op wrâldrekôr tennisjen

16 aug 2013 - 15:19

Tennisser Sipke de Hoop, oarspronklik fan Koatstertille, docht freed yn Súdlaren mei trije klupgenoaten in oanfal op it wrâldduerrekôr dûbelspul. It doel fan it fjouwertal is mear as 57 oeren efter elkoar te tennisjen.

Freedtemoarn om 8 oere binne de manlju útein set. Se hoopje mei de aksje boppedat in moai bedrach yn te sammeljen foar de handicaptesport.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)