Kafee wint ek lanlike priis

Kafee Tjeukemeer yn Eastersee hat no ek de lanlike priis it Gouden Fust wûn. It kafee mei him in jier lang Gouden Hoarekasaak neame. De priis waard snein útrikt yn Ahoy yn Rotterdam. It Fryske kafee wûn freed ek al de noardlike foarronde.
De hûndert bêste hoareka-ûndernimmers giene ôfrûne jier de striid mei-inoar oan. De sjuery beleanne de eigners fan Kafee Tjeukemeer omdat se sokke goede gasthearen binne. Fierders taapje se ek goed bier út de taap.