Fryske Kopten tige besoarge

16 aug 2013 - 12:18

De Koptyske tsjerke fan Hilaard is tige besoarge oer it geweld yn Egypte. De Koptyske minderheid yn Egypte hat slim fan dat geweld te lijen. De ôfrûne wiken binne yn Egypte sa'n 50 Koptyske tsjerken yn brân stutsen. Wurdfierder Sami Ghatas fan de Kopten yn Fryslân fynt dat Nederlân Egypte stypje moat yn de striid tsjin de moslimbroeders. By dy striid binne de ôfrûne dagen inkelde hûnderten deaden fallen.

Fanwege dat geweld wol minister Timmermans fan bûtenlânske saken foarearst net mear gearwurkje mei de Egyptyske oerheid.

Ghatas is lulk oer de opstelling fan Timmermans. Hy fynt dat Nederlân, en ek oare westerske lannen, krekt no fjouwerkant achter Egypte en de Egyptyske oerheid stean moatte.

No moandei praat de Twadde Keamer mei fertsjintwurdigers fan de Egyptyske mienskip yn Nederlân. De Koptyske tsjerke is dêr ek by oanwêzich.

Trefwurden: 
Egypte Hilaard Kopten
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)