Frjentsjer start VVN-kampanje

16 aug 2013 - 11:57

Op basisskoalle De Toermalijn yn Frjentsjer is kommende tiisdei de lanlike start fan de kampanje 'De scholen zijn weer begonnen'. Veilig Verkeer Nederland-foarsitter Karla Peijs sil mei deputearre Sietske Poepjes en wethâlder Joop Bekkema de offisjele ôftraap jaan. De kampanje makket autobestjoerders ekstra alert no't bern wer nei skoalle gean.

Oan it begjin fan it skoaljier is de kâns op ûngelokken grutter. Yn 2012 wiene der 22 deadlike ûngelokken yn Nederlân mei bern fan 5 oant 15 jier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)