Protestliet: 'Almere Kolere'

16 aug 2013 - 10:35

Kabaretier Rients Gratama en sjonger Syb van der Ploeg ha in protestliet opnaam oer it nije iisstadion yn Almere. Se binne it der net mei iens dat it reedridersbûn KNSB keazen hat foar Icedôme yn Almere as nije topsportlokaasje foar it reedriden.

It liet 'Almere Kolere' is skreaun troch Gratama op de melody fan it bekende Italiaanske nûmer 'Volare'. Rients en Syb wolle mei dit liet op humoristyske wize harren ûntefredenheid uterje.

In stikje út it ferske: 'Je kunt er wonen, 't is er redelijk veilig en vrij. Maar desondanks rij je er toch met vreugde voorbij. Almere ohoh, kolere ohoh. Trap niet tegen ons Heerenveen, die ijsbaan blijft in Heerenveen'.

De klip foar 'Almere Kolere' wurdt op 24 augustus opnaam by it Glemmer Beach-festival op 'e Lemmer. Rients Gratama is freedtemiddei te gast yn it programma 'Noardewyn' op Omrop Fryslân radio.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)