"Noch mar twa krantebedriuwen"

16 aug 2013 - 09:36

Der bliuwe mar twa krantebedriuwen oer yn Nederlân. Dat seit ynterim-topman Cees van Steijn fan de Telegraaf Mediagroep yn it Financieel Dagblad. Hy stelt dat de bondeling fan de krêften needsaaklik is, om't de opbringsten út advertinsjes en it tal abonnees hieltyd minder wurde.

Neffens Van Steijn soe it moai wêze as syn eigen Telegraaf Mediagroep en de Persgroep fan ûnder oaren Volkskrant, AD en Het Parool oerbliuwe. Dat soe betsjutte dat ûnder oare de NDC Mediagroep, útjouwer fan de Ljouwerter Krante en Friesch Dagblad opslokt wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)