Wer rekôr Bart Helmholt

Fierljepper Bart Helmholt hat wer in hichtepunt oan syn rike karriêre taheakke. De seisfâldich Frysk en Nederlânsk kampioen ljepte yn Drylts 20 meter en 96 sintimeter. Dy ôfstân betsjutte in skânsrekôr, mar Helmholt koe dy ôfstân ek byskriuwe by syn sân bêste ôfstannen fan it seizoen. Dat smiet in nij nasjonaal klassemintsrekôr op.
Dat rekôr stie op namme fan de Hollânske ljepper Jaco de Groot mei 143.58 meter. Helmholt hat it no mei 143.65. Yn Drylts wie Age Hulder de bêste junior (18.65), Klaske Nauta wûn by de froulju mei 15.40.
Jelmar Wijnstra wûn by de jonges mei 16.66.