FNP-fragen oer evenemintbelied

FNP Ljouwert stelt fragen oan it kolleezje oer it fêstlizzen fan de evenemintekalinder 2014. De gemeente Ljouwert wol dat de doarpen út Boarnsterhim Noard, dy't aanst fan 1 jannewaris ôf by Ljouwert hearre, al harren eveneminten foar it kommende jier trochjouwe.
Moandei 26 augustus krije de doarpen útlis oer fergunnings, belied en prosessen dy't fan tapassing binne by it organisearjen fan eveneminten. Foar 1 septimber moat de kalinder trochjûn wurde.
De FNP fynt dat dit belied heaks stiet op de tendins om it inisjatyf foar eveneminten en gearwurkingsferbannen mear by de mienskip del te lizzen. De partij steurt him boppedat oan de kontrôledrang by de gemeente.