Boartersguod-bank siket plak

15 aug 2013 - 16:45

Stichting Speelgoedbank Friesland is driuwend op syk nei in lokaasje foar it opslaan en útjaan fan it ynsammele boartersguod. Dat boartersguod is bedoeld foar bern fan âlders dy't sels net by steat binne om boartersguod te keapjen. De stichting hat al in soad boartersguod ynsammele. Dat guod stiet no by bestjoersleden en frijwilligers op souder.

De organisaasje wol graach sa gau mooglik begjinne mei it útjaan fan dat boartersguod, mar hat dêrfoar wol in eigen romte nedich. De stichting siket om romte yn Súdwest-Fryslân.

Minsken dy't in geskikte romte hawwe of witte, kinne dat trochjaan op www.speelgoedbankfriesland.nl.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)