Magazine oer Waadeilannen

Waadkust Flylân © ANP XTRA
Buro foar toerisme Friesland Holland presintearret jannewaris 2014 in magazine en in webside mei alle highlights en fakânsjemooglikheden yn en om it Waad. Dêrby giet it toeristyske arranzjeminten yn Fryslân en Grinslân. It projekt krijt de namme WaddenzeeLand. Neffens Albert Hendriks fan it buro moat de toeristyske sektor oer de provinsjale grinzen hinne sjen. De Waadsee en omlizzende eilannen, doarpen en stêden wurde yn it meartalige magazine dêrom as ien merk presintearre.