Bite-opslachplakken skjinmakke

15 aug 2013 - 14:33

Gemeente Dongeradiel hat alle 22 bite-opslachplakken opromme en skjinmakke. Op in soad plakken wie yllegaal ôffal dumpt of waard boere-ark stald. Yn 'e maitiid begûn de gemeente dêrom mei in kampanje tsjin de fersmoarging. De kommende jierren sil de begroeiïng om de bite-opslach hinne bysnoeid en úttinne wurde, sadat der mear sicht komt op de plakken. De gemeente ropt ynwenners op de plakken meiinoar skjin te hâlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)