Leechstân dreech op te lossen

15 aug 2013 - 11:18

De gemeente is reedlik machteleas as it giet om it bestriden fan de leechstân ûnder winkels yn de Jouster Midstrjitte. Dat seit boargemaster Mary Looman fan Skarsterlân. Yn de Midstrjitte steane op it stuit trettjin winkels leech. Lege etalaazjes wurde folle mei keunst en oare produkten. Winkelljuferiening WIH fynt dat fierstente folle en freget omtinken foar it probleem. Looman dielt de soarch fan de WIH. De gemeente besiket om winkelfestiging yn it sintrum te stimulearjen. Winkelfestiging bûten it sintrum wurdt safolle mooglik tsjingien.

Op de Jouster Merk, flakby de Midstrjitte, is ek in soad leechstân. De gemeente tinkt nei oer in alternative bestimming foar de lege winkels en kantoargebouwen, mar kin dêr no noch neat oer sizze omdat de plannen 'yn in prematuer' stadium binne.

Trefwurden: 
winkels De Jouwer leechstân
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)