Rappe rider trappearre op A7
De plysje hat woansdeitejûn op de A7 by De Jouwer it rydbewiis fan in 48-jierrige automobilist út Drylts ynnaam. De man waard betrape doe't er 187 kilometer yn de oere ried, wylst dêr 130 tastien is. Neist dat syn rydbewiis ynnaam is, hat de man ek in proses-ferbaal krigen.