Nij natuergebiet by Wolvegea

15 aug 2013 - 09:49

It omfoarmjen fan in sânwinput by Wolvegea ta in natuergebiet liket slagge. De put leit oan de eastkant fan de A32 en it sân dêrút is oait brûkt foar de oanlis fan de dyk. Distriktshaad Ane Zijlstra fan It Fryske Gea is der grutsk op. In ierden wâl om de put is fuorthelle en yn it wetter skood om dat ûndjipper te meitsjen. Dat makket diel út fan in plan om de oergong nei de wâl minder hurd te meitsjen. Dêrby is ek in sône makke dêr't planten steane dy't gjin fruchtbere grûn nedich ha. Dat is goed foar flinters en fûgels.

Trefwurden: 
Wolvegea natuer
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)