Fierljepfjoerwurk yn it lêst

14 aug 2013 - 22:02

Bart Helmholt by de senioaren mei 20.28, Lisanne Hulder by de froulju mei 15.75, Sytse Bokma mei in pr fan 19.37 by de junioaren en Jelmar Wijnstra mei 18.16 (in dik pr) soargen mei dizze ôfstannen yn har lêste sprong foar de winst en foar it fjoerwurk by de ljepperij op It Heidenskip. Thewis Hobma like lang mei 20.14 syn earste deititel de pakken. Dat die er yn syn twadde sprong, dêrnei kaam er troch in ljiskblessuere net mear yn aksje. Jelmar Wijnstra fan Tsjom hie earder syn pr ek al ferbettere. Fan 16.62 hie er it op 17.66 setten.

Jarno Hoekstra ljepte by de jonges ek in pr. De Dryltser kaam nei 17.25 yn it sânbêd.

Tongersdeitejûn wurdt der opnij ljept. Dan stiet yn Drylts de ynhelwedstriid fan de ferreinde ljepperij fan 7 augustus op it programma.

Trefwurden: 
fierljeppen It Heidenskip
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)