Fries nei Grinzer rjochter

14 aug 2013 - 15:51

In Harnzer (43) moast woansdei nei Grins komme foar in rjochtsaak om't er yn syn wenplak te hurd riden hie. RTV Noord meldt dat it Iepenbier Ministearje de man by fersin frege hie nei Grins te kommen yn stee fan Ljouwert. Fertochten moatte altyd yn har eigen provinsje foarkomme. De Grinzer rjochtbank hat de saak wol behannele, om't de man kaam wie. Hy hat in boete krigen.

Trefwurden: 
rjochtbank Grins
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)