Omlieding op A6 troch ûngelok

Ungelok op A6 © Kevin Leenstra/Frieslandactueel.nl
Ferkear op de A6 by Sint Nyk moast woansdeitemiddei rekken hâlde mei in omlieding. Fanwege in ûngelok wienen de rydstroken fan Eastersee nei De Jouwer ôfsletten. By it ûngelok wiene meardere auto's belutsen. Ien dêrfan lei op 'e kop op 'e sneldyk. It is net bekend hoe't it mei de ynsittenden is. Trije ambulânses wienen oproppen foar de helpferliening.
Tsjin fiven wie der tusken de ôfslach Sint Nyk en it knooppunt by De Jouwer oer trije kilometer stadich ridend ferkear.