Sel en TBS foar Sweagerbosker

14 aug 2013 - 15:07

Tsjin in 43-jierrige fertochte út Sweagerbosk is woansdei yn heger berop trije jier selstraf en TBS easke. De man stuts yn jannewaris 2010 syn hûs yn Sweagerbosk yn brân. Dêrnei ried er nei It Hearrenfean om syn beide bern fan de Van Kleffensskoalle te heljen. Hy stie doe op it skoalplein mei in grut mes. De plysje skeat de man del doe't er himsels tekoart dwaan woe. De man is earder feroardiele ta in finzenisstraf fan fjouwer jier wêrfan ien jier ûnder betingst. Dy hat er útsitten.

Trefwurden: 
justysje TBS sweagerbosk
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)