Grut stik barnstien op Amelân

14 aug 2013 - 13:54

It Natuersintrum op It Amelân hat in grut stik barnstien yn brûklien krigen. It stik fan in pear kilo yn ovale foarm is begjin dizze moanne op it strân fan it Waadeilân fûn. Dat bart wol faker, mar sa'n grut stik is neffens it museum unyk. Barnstien is fossile hars, dat ôfkomstich is fan nullebeammen. It is fûn troch in fêste eilânbesiker, in learaar út Easterwâlde.

Trefwurden: 
Amelân museum barnstien
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)