Skoalle Reduzum opknapt

14 aug 2013 - 10:51

Op de Trije Doarpenskoalle yn Reduzum wurdt woansdei drok wurke om de skoalle klear te meitsjen foar it nije skoaljier. Masters, juffen, mar ek guon skoalbern en har âlden helpe mei om stuollen en kasten út it gymlokaal wer nei de klaslokalen te bringen. It skoalgebou is yn de simmerfakânsje opknapt. Der is skildere en der binne nije plafondplaten ynkaam. De opknapbeurt is dien fanwege de weryndieling fan Boarnsterhim. Reduzum sil nei de gemeente Ljouwert en wol in frisse start meitsje. Moandei begjint it nije skoaljier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)