Caravan dwers op A32
De A32 tusken Wolvegea en Steenwijk is tiisdeitejûn tydlik ôfsletten nei in ûngelok. In caravan achter in auto wie oer de kop slein en lei dwers oer de sneldyk. It ferkear waard troch de plysje omlaat troch de middenberm. Der rekke net ien ferwûne.