Nije regels fuotbal ûnbekend

13 aug 2013 - 16:26

De nije fuotbalregels binne noch net breed bekend by Fryske skiedsrjochters, klup en spilers. Skiedsrjochter Sido Scholten fynt it frjemd dat út de KNVB wei gjin foarljochting jûn wurdt. Skiedsrjochters moatte de nije regels sels opsykje op ynternet.

By de Ljouwerter fuotbalklup LAC Frisia sil sa rap mooglik in byienkomst belein wurde om de nije regels troch te nimmen.

De nije spulregels binne bedoeld om agresje tsjin te gean. Sa moatte spilers dy't in giele kaart krije, 10 minuten fan it fjild ôf. Dat jildt allinnich foar amateurs út de saneamde B-kategory.

Trefwurden: 
fuotbal KNVB spulregels
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)