Skoalbern Amelân yn nij gebou

13 aug 2013 - 16:11

Learlingen fan de Boargemaster Waldaskoalle yn Nes op It Amelân krije tiisdei foar it earst les yn it nije skoalgebou. De VMBO-skoalle waard ferline jier ôfbrutsen en foar in part op 'e nij boud. De nije skoalle is enerzjyneutraal. Der wurdt stookt op houtsnippers en der is in sinnepanielsintrale.

De learlingen krigen it ôfrûne jier les yn in needgebou yn in stik greide foar de skoalle oer. De offisjele iepening is op 1 novimber.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)