Doeksen stunt troch

De fearboaten fan Rederij Doeksen yn de haven fan Skylge © Omrop Fryslân, Ronald van der Pol
Rederij Doeksen set de aksjes mei stuntprizen troch. Sa kin ek yn septimber en oktober foar 4 euro in inkele reis nei Skylge makke wurde. Foar Flylân wurdt in goedkeap arranzjemint mei oernachting en fytsferhier oanbean.
Doeksen kundige earder oan de tsjinstregeling nei de eilannen fersoberje te moatten, as gefolch fan de krisis en de konkurrinsje fan de EVT.