Van Erve fuort by FC Emmen

Jan van Erve
Jan van Erve hâldt op by FC Emmen. Van Erve wie de lêste tiid kommersjeel direkteur foar twa dagen yn de wike. Dêrfoar wie hy ynterim-direkteur by de fuotbalklup. Neffens Van Erve is it no tiid om it oer te litten oan oare minsken. De âld-kommersjeel direkteur fan SC Hearrenfean is no ûnder oare drok mei de kommersjalisering fan Thialf en mei reedrydploech BAM/Univé.
Neffens Van Erve is der gjin sprake fan, mar slút hy net út oait werom te kommen by Hearrenfean: "Ze hebben mijn nummer."