Rou om Prins Friso

13 aug 2013 - 12:04

Yn de sintrale hal fan it stêdskantoar yn Ljouwert leit sûnt tiisdei in kondoleânseregister foar Prins Friso. Boargemaster Crone tekene it register as ien fan de earsten. Yn Frjentsjer kin ek tekene wurde. Oare gemeenten wachtsje op meidielings oer it protokol, ek as it giet om foarskriften oer it útstekken fan de flagge.

De Fryske Mûnekrite hat in fersyk útgean litten nei alle 42 dielnimmers om de mûne yn de roustân te setten. Prins Friso wie de beskermhear fan de Stichting Hollandse Molen. Dy hat it fersyk dellein by de Fryske mûnders.

Letter tiisdeitemiddei waard bekend dat yn mear Fryske gemeenten kondoleânserergisters foar Prins Friso lizze. Yn Harns kin al tiisdei tekene wurde en op It Bilt fan woansdei ôf.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)