'Smelle 80 km-dyk feiliger'

13 aug 2013 - 11:50

It lanlike nijs dat in soad 80 km-diken yn Nederlân te smel binne, makket net in soad yndruk op meiwurkers fan de Provinsje Fryslân. Dy fine smelle diken feiliger.

Neffens in nij rapport fan de Stifting Wetenschappelijk Onderzoek Verkeersveiligheid hearre de 80 km-diken yn Nederlân mei in rydbaanbreedte fan 2,75 meter ta de smelsten fan de wrâld. Der soe in skieding komme moatte fan yn alle gefallen 80 sintimeter tusken de rydbanen om se feiliger te meitsjen. Senior-projektlieder Dirk Lont fan de provinsje fynt it in teoretysk ferhaal.

Syn ûnderfining is dat der foarsichtiger riden wurdt op de smelle 80 km-diken en dat se dêrtroch feiliger binne. Fierders soe it miljarden kostje om de diken oan te passen oan de easken dy't de stifting nei bûten ta bringt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)