Woekerplant út sleat helle

13 aug 2013 - 11:22

By Rûgehuzen wurde tiisdei woekerjende wetterplanten út in sleat weihelle. In leanbedriuw docht it swiere wurk en dêrnei helje meiwurkers fan Steatsboskbehear de stâlen der mei de hân út. De saneamde 'wetterkrassûla' komt oarspronklik út Australië en Nij-Seelân. Hy groeit tige hurd en ferdrukt oare planten. Der lizze bytiden hiele tekkens op en yn it wetter. De trochstreaming yn de sleat kin dêrtroch yn gefaar komme.

De sleat by Rûgehuzen is in boezemfeart, beheard troch Wetterskip Fryslân.

Steatsboskbehear is de eigener en behearder fan it gebiet.

De woekerjende plant waard earder ferkocht yn túnsintra, mar dy binne dermei ophâlden. De plant kaam yn it iepen wetter telâne trochdat minsken him deryn smieten. Wetterskip Fryslân ropt de minsken op om resten wetterkrassûla yn de griene kontener te smiten en net yn it bûtenwetter.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)