Ynriden op buorman
De plysje hat moandeitejûn in 46-jierrige Ljouwerter oanhâlden dy't mei de auto op syn buorman ynriden wie. De buorman liet syn hûn út op de Noardflietstrjitte. Hy koe krekt op 'e tiid oan de kant springe.
De Ljouwerter waard letter yn syn hûs oanhâlden. De beide buorlju hawwe al langer spul.