Papieren skip nei Flylân

13 aug 2013 - 10:15

De eardere stêdskeunster fan Ljouwert Martin Winters wol mei syn papieren skip nei Flylân ta farre. It skip is makke fan papier-masjee. It sil op it eilân ûnderdiel wêze fan it festival Into the Great Wide Open, begjin septimber.

Winters syn skip luts twa jier ferlyn in soad belangstelling doe't it te wetter litten waard yn Ljouwert en in stik fear troch de stêd. Al gau die bliken dat it lek wie. De keunstner hat dêrnei dwaande west mei it wetterticht meitsjen fan it skip.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)