Teloarstellend WK Douwe Amels

Heechspringer Douwe Amels hat him yn Moskou net kwalifisearre foar de finale op it wrâldkampioenskip. De Drachtster gong wol yn ien kear oer de begjinhichte fan 2,17 sintimeter. Op 2,22 meter gie de latte der trije kear ôf.
Amels wie bot teloarsteld oer syn prestaasje. Hy sei dat er him goed fielde en dat it net ûnrealistysk wie te tinken dat er mei in sprong fan 2,26 nei de finale gean kinne soe. De 21-jierrige Amels waard mids july yn it Finske Tampere Europeesk kampioen foar atleten ûnder de 23 jier. Doe sprong er al 2,28 meter.