Omrop ek yn aksje yn Den Haach

12 aug 2013 - 20:35

Omrop Fryslân komt mei alle oare publike omroppen yn aksje tsjin de lêste miljoenebesunigings fan it kabinet. Op 9 oktober wurdt in grutte manifestaasje hâlden op it Malieveld yn Den Haach.

It kabinet wol nei eardere besunigings nochris 100 miljoen euro besunigje op de publike omroppen. Goed 25 miljoen dêrfan is foar de regionale omroppen. Dat betsjut al gau in besuniging fan 2 miljoen euro foar de Fryske Omrop. De besuniging sil neffens direkteur Jan Koster te fernimmen wêze yn de kwaliteit fan de programma's.

Hoe't de aksjes der krekt útsjen sille, is noch net dúdlik. De bedoeling is wol dat de lanlike publike omroppen programma's meitsje op it Maliefjild. Fierders ride der bussen mei minsken nei de manifestaasje mei dêryn bygelyks Omropmeiwurkers of mei harkers en sjoggers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)