Lân- en túnbou hat it swier

It tal falliseminten yn de lân- en túnbou is yn it twadde fearnsjier fan dit jier opnij tanaam. Dat docht bliken út sifers fan it Sintraal Buro foar de Statistyk, meldt it fakblêd De Boerderij.
Yn it twadde fearnsjier fan dit jier gongen 41 agraryske bedriuwen oer de kop. Dêrmei komt it tal falliseminten yn 2013 op 72. It giet benammen om túnkers dy't de doarren slute moatte.