Bekeurings op Fryske diken

De plysje hat snein ferskate bekeurings útdield by kontrôles op de A7 by Snits. In 53-jierrige motorrider út Parregea rekke it rydbewiis kwyt. Hy ried mei 185 kilometer oer de sneldyk, dêr't 130 kilometer it maksimum is. Seis automobilisten krigen in proses-ferbaal, om't se mear as 30 kilometer te hurd riden. '
Twa bestjoerders krigen in bekeuring, om't se te ticht op de auto foar harren riden. In drankrider krige in proses-ferbaal en moat him foar de rjochter ferantwurdzje.
In 50-jierrige motorrider út Wolvegea is sneintemiddei it rydbewiis ôfnaam fanwege hurdriderij. De man ried mei in gong fan 116 kilometer yn de oere oer de Jousterwei by Aldehaske. Dêr is 60 it maksimum. De plysje trapearre de racende motorrider mei in lasergun. Hy krige ek noch in proses-ferbaal oan de broek.