Friese Koers: 'REC ticht'

12 aug 2013 - 07:42
De ôffaloven yn Harns

De provinsje moat de ôffaloven fan Omrin yn Harns foarearst stillizze. Dat seit de steatefraksje fan Friese Koers. Neffens fraksjefoarsitter Jelle Hiemstra hat de REC sûnt 17 july ferskate kearen de regels foar de saneamde emisjewearden oertreden. Dêrby soe benammen tefolle sâltsoer útstjitten wêze.

Friese Koers wol dat de provinsje sels ûndersyk docht nei de útstjit fan de oven.

(Advertinsje)
(Advertinsje)