Friezen somber oer ekonomy

11 aug 2013 - 15:53

De ekstra besunigings fan 6 miljard euro dy't it kabinet trochfiere wol binne libbensgefaarlik yn dizze faze fan hoeden herstel fan de ekonomy. Dat seit direkteur Jansen fan de Keamer fan Keaphannel yn reaksje op de útkomsten fan in ûndersyk fan it opinypanel fan Omrop Fryslân en Een Vandaag nei de miening fan de Friezen oer de ekonomy.

Friezen binne tige somber oer de ekonomy, sa docht bliken. Mar ien persint ferwachtet it kommende healjier ferbettering. Fan de Friezen hat hast 70% gjin betrouwen yn it sittende kabinet, sa docht bliken.

Oer de takomst op langere termyn binne de Friezen ek net sa hiel optimistysk. Mar 23% fan de minsken ferwachtet dat har bern it better krije sille as sysels.

Wat by it sittende kabinet ûntbrekt, is in echt goede fyzje op in trochbraak yn de wenningmerk, seit Eric Jansen fan de Keamer fan Keaphannel. Salang't it probleem mei de wenningmerk net oplost wurdt giet it trochmodderjen fierder, tinkt Jansen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)