Triemstra pakt 125e oerwinning
Jelte-Pieter Dijkstra, Taeke Triemstra en Jouke Bosje hawwe sneon yn Dokkum de haadklasse keatspartij op harren namme skreaun. Yn in spannende finale waard it partoer fan Gert-Anne van der Bos, Alle Jan Anema en Pier Piersma mei 5-3 en 6-6 ferslein.
Taeke Triemstra prolongearre syn keningstitel. Ek yn 2008, 2011 en 2012 waard er ta kening kroane. It wie boppedat de 125ste oerwinning yn syn keatskarriêre.