De Vries wint KPN Inline Cup

© awfoto.nl
Elma de Vries, oarspronklik fan De Haule, hat mei oermacht it einklassemint fan de KPN Inline Cup wûn. It is de earste kear dat De Vries de kompetysje op de dyk wint. De winst op finaledei gong nei Manon Kamminga, dy't in ronde foarsprong pakte op it peloton en solo oer de streek kaam. Annemarie Boer waard twadde, Margo van de Merwe tredde.
By de manlju gong de winst yn de lêste etappe nei Crispijn Ariëns fan Wolvegea. De Belch Wannes van Praet einige as twadde, folge troch Mark Horsten dy't tredde waard. De einoerwinning wie foar Rick Smit.