Skûtsjeskipper slim ferwûne

11 aug 2013 - 14:16

By in ûngelok oan board fan syn skûtsje is sneintemiddei in skûtsjeskipper earnstich ferwûne rekke. De man krige nei alle gedachten by it kontrolearjen fan de motor hite koelfloeistof oer him hinne. Dat barde op de Sleattemermar.

De skipper waard troch helptsjinsten by Balk oan wâl brocht. Dêrwei waard er mei de traumahelikopter oerbrocht nei it brânwûnesintrum fan it Martinisikehûs yn Grins. De krekte oarsaak fan it ûngelok wurdt noch neier ûndersocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)