Drugsferfier yn stellen auto

11 aug 2013 - 13:48

In Ljouwerter (31) is sneontenacht yn syn wenplak oanhâlden. De man ried yn in stellen auto en ferfierde in tas mei ferskate soarten drugs. De man foel op, omdat hy by in plysjekontrôle ôfsloech. Doe't de plysje him oanhâlde, die bliken dat de man gjin rydbewiis by him hie. Hy besocht ek om in falske namme op te jaan.

Op de auto sieten falske kentekenplaten. By neier ûndersyk yn de stellen auto kaam de tas mei ûnder oare speed, ghb en in stroomstjitwapen foar it ljocht. De Ljouwerter is ynsletten.

Trefwurden: 
drugs stellen auto
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)