Ljouwerter bedriget plysjes

11 aug 2013 - 12:25

In 39-jierrige Ljouwerter hat sneontetejûn ferskate prosessen-ferbaal krigen foar it misledigjen en bedriigjen fan plysjes. De man waard troch de plysje kontrolearre op it Súdvliet yn Ljouwert. Hy koe him net idenifisearje. De man joech in falske namme en bertedatum op. Doe't de plysje dat tsjin him sei, besocht er út te naaien.

De man bedrige en misledige de plysjes. De man waard dêrom oanhâlden en krige ferskate boetes. Wat de reden foar de man wie om syn identifikaasje net sjen te litten is noch net rjocht dúdlik.

Trefwurden: 
plysje mislediging bedriging
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)