'Into the Grave in súkses'

11 aug 2013 - 11:08

De tredde edysje fan it Into the Grave festival yn Ljouwert wie in súkses. Dat seit de organisaasje. Yn totaal kamen der tusken de 3500 en 4000 minsken op it metalfestival op it Aldehoustertsjerkhôf ôf. Dat wiene der in pear hûndert mear as ferline jier. Neffens de organisaasje wie de sfear op it terrein goed. It waar wierre ek mei. Op in pear spatsjes rein nei, bleau it droech.

Takom jier wurdt it festival wer hâlden yn Ljouwert. It is dan op 9 augustus.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)