Oer de kop op de Wâldwei

11 aug 2013 - 09:38

In 18-jierrige ynwenner fan Drachten is sneintemoarn betiid ferwûne rekke doe't er mei de auto oer de kop sloech op de Wâldwei by Drachten. De bestjoerder is nei it sikehûs brocht. Dêr is bloed ôfnaam omdat er mooglik tefolle dronken hie.

De jonge hat gjin rydbewiis. It is noch net dúdlik hoe't er oan de auto kaam.

Trefwurden: 
ûngelok Wâldwei
(Advertinsje)
(Advertinsje)