Jonge fernield skuttingdoar

Oanhâlding troch plysje © ANP XTRA
De plysje hat sneontenacht yn Dokkum in 15-jierrige jonge oppakt foar fernieling. Plysjes seagen om goed trije oere yn it sintrum fan Dokkum trije jonges fuortdraven. In tsjûge melde dat se krekt dêrfoar in skuttingdoar oan de Marktstrjitte fernield hienen. Nei in efterfolging koene se oanhâlden wurde. Doe die bliken dat de 15-jierrige ferantwurdlik wie foar de fernieling. Tsjin him wurdt proses-ferbaal opmakke. De oare twa jonges binne frijlitten.