Soad aksje op autocross Blije

10 aug 2013 - 18:13

Brullende motoaren, in soad pk's en sa'n 180 bloedfanatike koereurs. Dat wie de sfear sneon op 'e Frije Cross yn Blije. Sa'n 2.000 minsken kamen op de autocross ôf. Ut 'e bocht fleane, mei de brommer crosse , de baan omploegje, auto's út 'e sleat takelje: alle yngrediïnten foar in moaie autocross wiene sneon oanwêzich yn Blije.

En dan te betinken dat it hiele feest hast net trochgie om't de organisaasje net mear gebrûk meitsje koe fan it âlde terrein.

Trefwurden: 
Frije Cross Blije autocross
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)