Auto fernield troch putdeksels

Yn Kollum is freedtenacht in auto slim skansearre troch putdeksels dy't iepenset wiene op de Eskesstrjitte. Omwenners en plysjeminsken koene oare automobilisten noch krekt op tiid warskôgje. De fjouwer deksels binne troch de oanriding fernield.
De gemeente hat no stekken pleatst op it plak fan de deksels. De plysje hopet mei help fan tsjûgen te fernimmen wa't ferantwurdlik is foar de gefaarlike situaasje fan freedtenacht.