Sumar: Plysje brûkt wapenstôk

10 aug 2013 - 10:33

De plysje hat freedtenacht in plysjehûn en wapenstôk brûkt om yn Sumar in groep stappers fan it liif te hâlden. De kafeebesikers wiene it net iens mei de arrestaasje fan ien fan har maten. Dy hie yn in oar kafee it ien en oar fernield. Doe't de plysjes him oanhâlde woe, fleach de groep jongeren harren oan. De plysjes hiene de grutste muoite om de fertochte fan 22 jier út de gemeente Tytsjerksteradiel yn de boeien te slaan.

De man skopte en sloech om him hinne. De plysje moast geweld brûke om him yn te rekkenjen.

Ek op it plysjeburo bleau de man geweld brûken tsjin de plysje. Hy sit noch fêst.

Trefwurden: 
plysjehûn wapenstok
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)