Ekstra sân foar cross Blije

10 aug 2013 - 10:04

Yn Blije is sneontemoarn mei man en macht wurke om it tagongspaad nei it racesirkwy fan de frije cross klear te meitsjen foar de dielnimmers. Troch it reinwetter fan freedtenacht leit de baan sels der prachtich by, mar om de crossauto's dêr te krijen moasten noch in oantal frachtweinen mei sân komme om it paad begeanber te meitsjen.

Oan de frije cross yn Blije dogge hjoed sa'n 180 dielnimmers mei, dat binne der krekt wat minder as ferline jier. En der wurde tusken de 1500 en 2000 taskôgers ferwachte.

Trefwurden: 
Frije Cross Blije
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)