Ferlies Cambuur by Roda JC

SC Cambuur hat de earste útwedstriid yn de earedivyzje yn Kerkrade mei 2-0 ferlern fan Roda JC. Roda JC hie yn de earste helte it measte balbesit. Spits Krisztián Németh fan Roda krige twa kânsen. Ien dêrfan fersulvere hy yn de 35e minút. Nei it skoft gongen de Ljouwerters op jacht nei de lykmakker. It oerwicht fan Cambuur smiet lykwols gjin grutte kânsen op.
Yn de 90e minút skoarde Mitchell Donald de 2-0 foar de thúsploech. De nije oanwinst Marcel Ritzmaier, oerkaam fan PSV, makke by it begjin fan de twadde helte syn debút foar Cambuur.